Ferfange iepenbier grien

Ferfange iepenbier grien – it hoe en wêrom

It grien yn de iepenbiere romte hat ûnderhâld nedich en moat nei ferrin fan tiid ferfongen wurde. Sa hâlde wy de kwaliteit fan it grien op peil. De gemeente hat dêrfoar in ferfangingsplan makke. By it ferfangen fan grien rjochtsje wy ús op beammen, boskplantsoen, strewelleguod, roazen en fêste planten. Utgongspunt is dat by ferfanging itselde type beplanting brûkt wurdt.

Wat hâldt it yn?

De gemeente makket in ferfangingsplan. Dat bestiet út in nij beplantingsplan en it krijen fan fergunnings, lykas in kapfergunning. In oannimmer fiert de wurksumheden foar ús út. Tink dêrby oan it roaien en kappen fan grien, ferbetterjen fan de grûn, oanplanten fan nij grien, reparaasje fan perkrânen en eventueel it nimmen fan ferkearsmaatregels.

Wannear?

It stribjen is om it yn oanmerking kommende grien alle jierren yn de hjerst, winter en maitiid oan te pakken. Dat is de bêste tiid om beplanting te ferfangen. De wurksumheden begjinne dus ynkoarten.

Wêr?

Wolle jo witte oft der yn jo omjouwing wurke wurdt oan it ferfangen fan it grien? Sjoch dan op ferfangingslist 2020.

Melding dwaan?

Folje it webformulier 'Melding ferfange grien' yn.

Let op! Under it útfieren fan de wurksumheden hâlde de meiwurkers fan de oannimmer harren oan de maatregels dy’t opsteld binne troch it RIVM (fanwegen it koroanafirus). Wy freegje jo foldwaande ôfstân te hâlden, sadat de oannimmer de wurksumheden feilich en goed útfiere kin.