Enerzjystartpakket oanfreegje

Fersko nei

Begjin hjoed noch mei it ferduorsumjen fan jo wenning en freegje it enerzjystartpakket fergees oan! Yn it startpakket sitte lytse enerzjybesparjende produkten, dy’t helpe by it enerzjysuniger meitsjen fan jo wenning. Dêrmei besparje jo sa’n € 25,- de moanne op jo enerzjyrekken.

Enerzjystartpakket oanfreegje

Wat sit deryn?

  • 2 ledlampen
  • Wetterbesparders
  • Enerzjymjitter
  • Dûscoach
  • Siichstripe foar de doar
  • Trochfierstekker
  • Radiatorfoly

De enerzjystartpakketten binne foar wenningen mei in maksimale WOZ-wearde fan €175.000,-. Troch de koroanamaatregels wurdt it enerzjystartpakket by jo thúsbesoarge.

Handich om te witten

  • De oanfreger is de eigener en bewenner fan de keapwenning.
  • De WOZ-wearde fan jo wenning witte? Sjoch op WOZ-waardeloket.nl
  • It enerzjystartpakket is ûnderdiel fan de Regeling Reduksje Enerzjyferbrûk (RRE). Sjoch www.duurzaamsmallingerland.nl
  • De gemeente stelt 2000 enerzjystartpakketten beskikber.
  • Betingst foar it oanfreegjen fan it enerzjystartpakket is dat jo gjin gebrûk meitsje fan de Quickscans Enerzjy.
  • Mei it ferstjoeren fan de oanfraach jouwe jo tastimming foar it gebrûk fan jo persoanlike gegevens foar it enerzjystartpakket.
  • Sjoch foar mear ynformaasje oer it ferduorsumjen fan jo wenning op duurzaambouwloket.nl