Duorsumensliening

As jo jo wenning duorsumer meitsje wolle of enerzjy besparje wolle yn ‘e hûs, kinne jo gebrûk meitsje fan in duorsumensliening. Jo kinne allinne in oanfraach dwaan as jo in tawizingsbrief fan ‘e gemeente of provinsje krigen ha.

Ek moatte jo foldwaan oan in tal betinksten:
●    Minimum bedrach om te lienen € 2.500,-
●    Maksimum bedrach om te lienen € 15.000,-
●    De rintiid bedraacht 180 moannen
●    Oant it bedrach fan € 7.500 ,- is de rintiid 120 moannen
●    Wol tastien foar eigners/bewenners
●    Net tastien foar eigners
●    Net tastien foar ferhierders
●    Net tastien foar hierders
●    De minimum leeftyd op it stuit fan oanfreegjen is 18 jier

Duorsumensliening oanfreegje

Wer’t jo de duorsumensliening foar brûke kinne

●    Dakisolaasje mei op syn minst Rd-wearde 3,5 [m2 K/W]
●    Isolaasje fan souder- of ferdjippingsflier mei op syn minst Rd-wearde 3,5 [m2 K/W]
●    Gevelisolaasje mei op syn minst Rd-wearde 3,5 [m2 K/W]
●    Spoumuorre-isolaasje mei op syn minst Rd-wearde 1,1 [m2 K/W]
●    Flier en/of boaiemisolaasje mei op syn minst Rd-wearde 3,5 [m2 K/W]
●    HR++ glês mei op syn meast U-wearde 1,2 [W/m2K]
●    Triple-glês mei op syn meast U-wearde 0,7 [W/m2K] yn kombinaasje mei in (nij) isolearend kesyn mei op syn meast U-wearde 1,5 [W/m2K]
●    Panielen yn kombinaasje mei HR++ glês mei op syn meast U-wearde 1,2 [W/m2K]
●    Panielen yn kombinaasje mei triple-glês mei op syn meast U-wearde 0,7 [W/m2K]
●    Techniken foar waarmteweromwinning (wtw) mei in rindemint fan op syn minst 90%
●    (Hybride) waarmtepomp
●    Sinneboiler
●    Sinnepanielen en sinnekollektoaren
●    Technyske oanpassings oan de meterkast foar realisaasje duorsumensmaatregels
●    Ôfslútkosten gasoanslúting
●    Laadboks foar elektryske auto

BTW werom op sinnepanielen

Al jo as partikulier sinnepanielen keapje, kinne jo de btw op oanskaf en ynstallaasje (21 persint) werom freegje fan de Belestingtsjinst. By in standertpakket fan 10 sinnepanielen (2.700 wattpyk) foar 4.400 euro smyt dit 750 euro op. Doch de subsydzjetsjek op duurzaambouwloket.nl