Duorsumens

Fersko nei

Duorsumens stiet heech yn it findel yn gemeente Smellingerlân. De gemeente hat mei ynwenners en ûndernimmers de Rûtekaart Duorsum Smellingerlân 2040 opsteld. Dêr steane de doelen op it mêd fan enerzjy, ôffal en grûnstoffen, fieding en sûnens, ferkear en mobiliteit en it gebrûk en ynrjochting fan de romte om ús hinne. Op dwjm.nl stiet ynformaasje oer enerzjy, mobiliteit, ôffal en grûnstoffen en wenomjouwing. Hjirûnder kinne jo fuortdaliks in duorsumensliening oanfreegje.

Duorsumensliening

Wolle jo jo wenning duorsum meitsje? Enerzjy besparje yn hûs, lykas sinnepanielen* pleatse, it dak isolearje of in waarmtepomp oanskaffe? Besjoch hjir de betingsten foar in duorsumensliening.

Foldogge jo oan de betingsten? Dan krije jo earst in foarriedige tawizing fan de gemeente. Dêrnei regelet Stifting Stimulearringsfûns it fierder. It SVn docht in kredyttoets. It liende bedrach wurdt in boukredyt. It bedrach fan de duorsumensliening is minimaal € 2.500,- en maksimaal € 15.000,- . De rintiid fan in liening oant € 7.500 ta is 10 jier. Foar lienings tusken de € 7.500 en € 15.000 is de rintiid 15 jier. De rinte stiet de hiele rintiid fêst en earder ôflosse is boetefrij. De rintetariven fine jo op svn.nl

*It budzjet foar sinnepanielen is op. Dêrfoar kinne jo de duorsumensliening net mear oanfreegje. Foar wenningisolaasje en HR++-glês kin it noch wol.

Duorsumensliening oanfreegje

Handich om te witten

  • Kombinearje de duorsumensliening mei de subsydzjeregelings fan de ryksoerheid
  • Foar sinnepanielen kinne jo it btw-bedrach weromkrije. Mear dêroer stiet op duurzaambouwloket.nl
  • Lês mear oer duorsumenssubsydzjes op rvo.nl