Beam kappe

Wolle jo in beam kappe? Yn guon gefallen hawwe jo dêr in fergunning foar nedich. Is de omtrek fan de beam mear as 63 sm op 1,3 meter hichte? Freegje dan in omjouwingsfergunning oan, ek as de beam op eigen grûn stiet. 

Omjouwingsloket

Wat kostet it?

€ 65,-

Handich om te witten

  • Allinnich de eigner fan in beam kin in fergunning oanfreegje (of in machtiging ôfjaan).
  • Kap in beam net as der fûgels yn briede.
  • Kap in beam net as jo grûn ta in natuergebiet heart.
  • De gemeente ferwurket jo oanfraach binnen acht wiken. Wachtsje dêrnei noch seis wiken mei kappe, der kin nammentlik noch beswier makke wurde.