Wurkje by de gemeente
Wurkje oan útdaagjende ûntwikkelingen en projekten dy't der maatskiplik ta dogge? Yn in organisaasje wêryn't eigen ynbring wurdearre wurdt en wêryn't de tiidwurden lústerje, doarre en leare foarop steane? Kom dan te wurkjen by gemeente Smellingerlân.
Yn 'e mande mei ynwenners en bedriuwen wurkje wy oan it takomstbestindich meitsjen fan ús gemeente. Der lizze moaie en ambisjeuze plannen dêr't wy entûsjaste minsken foar sykje. Der is romte foar meitinken, ûntwikkeljen en groeien.
De gemeente
By gemeente Smellingerlân wurkje sa'n 500 minsken mei-inoar op yn 21 teams. Elk team hat in eigen ekspertize.
Drachten en de trettjin doarpen
De twadde stêd fan Fryslân hat him ûntwikkele ta in jonge, stedske kearn en is omjûn troch bosk, wetter, feangreidegebiet en trettjin prachtige doarpen. Stêd en omjouwing foarmje in noflike ienheid mei in oansprekkend foarsjenningsnivo en treflike mooglikheden om te wenjen, wurkjen en rekreëarjen. Smellingerlân hat rom 56.000 ynwenners. Troch de lizzing is Drachten in oantreklik fêstigingsplak, ticht by stedske netwurken (Ljouwert-Grins) en relatyf ticht by de Rânestêd.
Alle fakatueres
Us fakatueres fine jo op Werkeninfriesland.nl
Staazje of ôfstudearopdracht by de gemeente
Folgest in oplieding en sikest in staazje by gemeente Smellingerlân? Staazjeplakken en ôfstudearopdrachten (mbû/hbû/wû) biede wy oan fia de ûnderwiisynstellingen (û.o. ROC Friese Poort, NHL Stenden Hogeschool en Hanzehogeschool Groningen). Biedt dyn ûnderwiisynstelling gemeente Smellingerlân net oan, mar wolst dochs graach in staazjeplak? Mail dyn cv en motivaasje nei vacatures@smallingerland.nl, of belje nei 0512-581234.