Fyzjes

De gemeente wurket neffens in fyzje foar de maatskippij. Us sintrale wearden binne Persoanlik, Mei-inoar en Dwaan. Yn de Samenlevingsvisie lêze jo hoe't wy derfoar soargje dat elkenien in plak hat yn in leefber Smellingerlân. Ek sjogge jo 10 ynspirearjende foarbylden fan konkrete projekten dy't sjen litte wat ús wearden betsjutte.

Samenlevingsvisie downloade

Sociale Koers

De Samenlevingsvisie is fierder útwurke yn in Sociale Koers. Mei dy koers stelle wy fêst hoe't wy ynspylje op ûntwikkelingen yn Smellingerlân. De koers jout oan wat wy as maatskippij mei-inoar berikke wolle, wat wy belangryk fine en wêr't wy noch oan wurkje moatte.

De kracht van Smallingerland downloade

Sociale Koers downloade

Jo bydrage

Hawwe jo de Samenlevingsvisie, De kracht van Smallingerland en/of de Sociale Koers besjoen en hawwe jo in idee of oanfolling? Lit it ús witte.

Reagearje op de fyzjes