Trouwe of registrearre partnerskip

Sille jo trouwe of geane jo in registrearre partnerskip oan? Lokwinske! Jo houlik of partnerskip slute yn Smellingerlân? Belje ús en meitsje in ôfspraak.

Wat kostet it?

Gemeentehûs Smellingerlân

  • moandei oant en mei freed tusken 9.00 en 17.00 oere: € 224,-
  • sneon tusken 9.00 en 17.00 oere: € 377,-
  • tiisdei en tongersdei om 9.00 oere: fergees foar ynwenners fan Smellingerlân

Karmelkleaster Drachten of Paviljoen De Leyen

  • moandei oant en mei freed tusken 9.00 en 17.00 oere: € 224,- + kosten lokaasje
  • sneon tusken 9.00 en 17.00 oere: € 377,- + kosten lokaasje

Oare kosten

  • Trouboekje standert: € 23,- (opsjoneel)
  • Omsette partnerskip yn houlik sûnder seremoanje: gjin kosten
  • Omsette partnerskip yn houlik mei seremoanje: € 224,-
  • Tsjûge fan de gemeente (min. Ien tsjûge de persoan, maks. twa): € 23,-
  • Troch jo keazen trouamtner foar ien kear dy’t bûten gemeente Smellingerlân wurket as BABS: € 150,-
  • Troch jo keazen trouamtner foar ien dei dy’t net wurket as BABS: € 315,-

Handich om te witten

  • Wolle jo trouwe of in registrearre partnerskip oangean? Oerlis op ‘e tiid de mooglikheden, seremoanje of in eventuele bysûndere lokaasje.
  • Jo dogge minstens twa wiken en maksimaal ien jier yn it foar in melding foarnommen houlik of registrearre partnerskip. Meitsje dêrfoar in ôfspraak. Trouwe jo net binnen in jier? Dan dogge jo op ‘e nij in melding.
  • Binne jo net yn Nederlân berne of hawwe jo yn it bûtenlân wenne? Nim kontakt op mei de gemeente.
  • Wolle jo in tsjûge wizigje? Nim kontakt op mei de gemeente.
  • Wolle jo gebrûk meitsje fan tsjûgen fan de gemeente? Dêr binne kosten oan ferbûn.
  • De gemeente hat meardere trouamtners. Jou jo foarkar foar in trouamtner oan dy’t ûnder de seremoanje in persoanlike taspraak hâldt.
  • Hawwe jo sels in troulokaasje op it each? Oerlis mei de gemeente oft dy foldocht oan de betingsten.
  • Besjoch ek de troubrosjuere.