Trouamtners

In Bûtengewoan Amtner Boargerlike Stân (BABS) of trouamtner is dyjinge dy’t út namme fan de gemeente houliken slút en it partnerskip registrearret. Jou jo foarkar oan foar in BABS.

Trouamtners

Handich om te witten

Ynformaasje foar de plechtichheid

De BABS nimt yn it foar kontakt mei jo op om de gong fan saken by de plechtichheid mei jo troch te nimmen en ynformaasje fan jo te krijen. Dy ynformaasje ferwurket de BABS yn de taspraak.

BABS foar ien kear

Njonken de Bûtengewoan Amtner Boargerlike Stân dy’t yn tsjinst is fan de gemeente kinne jo ek it houlik of de registraasje slute litte troch in bûtengewoan amtner fan de boargerlike stân fan in oare gemeente.

  • Dy persoan is al beneamd ta (bûtengewoan) amtner fan de boargerlike stân yn in oare Nederlânske gemeente. De beneaming en beëdiging binne net ferrûn;
  • Dy persoan fiert noch aktyf de taken fan (bûtengewoan) amtner fan de boargerlike stân út;
  • De beneaming jildt foar ien dei;
  • De beneaming is net besoldige (sûnder betelling).

Foldocht de persoan oan de betingsten, tsjinje dan as breidspear in skriftlik fersyk yn om dyjinge yn te setten as BABS foar ien kear. Meld yn dat fersyk jo folsleine nammen, jo adres en de datum, de tiid en de lokaasje fan it houlik. Dat fersyk leverje jo uterlik seis wiken foar it houlik/registrearre partnerskip by de amtner fan de boargerlike stân fan de gemeente Smellingerlân yn.

Wolle jo graach troud wurde troch in goeie freon of famyljelid? Ek dat kin! Elke Nederlanner kin yn prinsipe trouamtner foar ien dei wurde. Dat betsjut dat de persoan beëdige wurdt om ien houlik te sluten. Ek dêr binne betingsten oan ferbûn:

  • Om ien trouamtner foar ien dei te meitsjen, dogge jim as breidspear in fersyk by de gemeente Smellingerlân.
  • De gemeente Smellingerlân freget om in Ferklearring Omtrint Gedrach. Wannear’t alles yn oarder is, kin de trouamtner foar ien dei by it gemeentehûs útnûge wurde. Der krijt er ynformaasje en kin er troch de rjochtbank beëdige wurde.
  • De trouamtner foar ien dei folget in training om it houlik te sluten.