Stookûntheffing

Yn de iepenloft snoeiôffal of ôffal fan reidlannen ferbaarne? De gemeente ferlient bytiden in stookûntheffing foar ien kear. Jo krije binnen in wike reaksje.

Stookûntheffing oanfreegje

Wat kostet it?

€ 13,-

Wat sette jo yn de oanfraach?

  • Namme, adres en e-mailadres.
  • Dei en tiid dêr’t jo it ôffal op ferbaarne wolle.
  • Hoemannichte ôffal dy’t jo ferbaarne wolle.
  • Lokaasje dêr’t it ôffal wei komt.
  • Lokaasje dêr’t jo it ôffal ferbaarne wolle (mei situaasjetekening).
  • Underbou wêrom’t it foar jo net mooglik is om it ôffal:
    • ôf te fieren nei in bedriuw dat in fergunning hat foar it opslaan en ferwurkjen fan it ôffal, of
    • op lokaasje te fersnipperjen en dêrnei ôf te fieren nei in erkende ferwurker.

Handich om te witten

  • Fan 15 maart oant 15 july (it briedseizoen) meie jo allinnich snoeiôffal ferbaarne as jo oantoane kinne dat der yn de omjouwing gjin fûgels briede. Nim kontakt op mei de fûgelwacht om dat oan te toanen.
  • Ferbaarn allinnich skjin ôffal.
  • Ferbaarn gjin bou- en sloopôffal, lykas (âld) reid fan in dak.