Fergunning aktiviteit oanfreegje

Organisearje jo in aktiviteit, lykas in lotterij, optocht of kollekte. Freegje dan minstens fjouwer wiken foar de aktiviteit plak fynt in fergunning (of somtiden in ûntheffing) oan.

Fergunning aktiviteit oanfreegje

Wat kostet it?

€ 13,-

Handich om te witten

  • Freegje in lotterijfergunning oan by de gemeente as de prizen mei-inoar net mear wurdich binne as € 4.500,-
  • Is de wearde fan de prizen heger? Freegje de lotterijfergunning oan by it ministearje fan justysje. 
  • Minimaal 60% fan de opbringst giet nei in goed doel of nei de feriening of stichting dy’t de lotterij organisearret.
  • Meitsje jo gebrûk fan in lûdsynstallaasje of lûdswein? Freegje dan ek in ûntheffing oan.
  • De kosten fan in kollektefergunning binne € 13,- foar in dei, € 31,90 foar in moanne en € 130,- foar in perioade langer as fjouwer moannen. 
  • Sette jo ferkearsregelers ien? Sy binne ferplichte in ynstruksjekursus te folgjen en eksamen te dwaan. Sjoch op www.verkeersregelaarsexamen.nl
  • Stjoer it formulier oer de mail nei gemeente@smallingerland.nl. Mei de post ferstjoere kin nei: Gemeente Smallingerland, Postbus 10.000, 9200 HA Drachten.