Evenemintenfergunning

Organisearje jo in evenemint? Freegje dan in evenemintefergunning oan. Foar in lyts evenemint is in melding genôch. As jo it formulier ynfolje sjogge jo fansels oft jo in melding dogge of dat jo in fergunning oanfreegje.

Evenemintefergunning oanfreegje of melding dwaan

Wat kostet it?

Hâld rekken mei ferskillende kosten:

  • Evenemintefergunning: € 13,40
  • Stânplakfergunning: € 13,40
  • Kampearfergunning: € 13,40
  • Lûdsûntheffing: € 13,40
  • Rommelmerk / bazaar: € 13,40
  • Untheffing tydlik skinke fan alkohol: € 27,90

Handich om te witten

  • Freegje jo fergunning rom yn it foar oan. By foarkar acht wiken yn it foar en foar grutte eveneminten tolve wiken.
  • Ferkearsregelers ynsette? Sy binne ferplichte in ynstruksjekursus te folgjen en eksamen te dwaan. Sjoch op www.verkeersregelaarsexamen.nl
  • Heakje ek in draaiboek ta oan jo fergunningsoanfraach. Foarbyld fan in draaiboek (word).