WOZ

Elk dy’t op 1 jannewaris eigner of brûker is fan in wenning of bedriuwspân kriget in WOZ-beskikking. Dêr stiet de WOZ-wearde op. WOZ betsjut Waardering Onroerende Zaken (waardering onroerende zaken).

Alle jierren stelt de gemeente de wearde fêst fan alle ûnreplike saken yn de gemeente. Dat giet mei in taksaasje. 

Taksaasje

De gemeente stelt de wearde fan jo wenning, winkel of kantoar fêst neffens de regels fan de Wet waardering onroerende zaken (Wet WOZ). Wy geane út fan de wearde op 1 jannewaris fan it foargeande jier. Dat neame wy de weardepeildatum.

Om de wearde te bepalen brûkt de WOZ-taksateur dizze ynformaasje: oerflakte en ferkeapprizen út it Kadaster, loftfoto’s, panoramafoto’s, boutekeningen en oare bekende gegevens. Dy ynformaasje stiet yn it taksaasjeferslach. Sjoch ek op Waarderingskamer.nl Waarderingskamer.nl 

Taksaasjeferslach

Yn it taksaasjeferslach steane trije wennings dy’t it meast op jo hûs lykje. Dy neame wy referinsjewennings. Bytiden binne der gjin trije wennings ferkocht. Dan sjogge wy nei in oar type wenning of wennings yn in oare buert.

De wearde fan jo wenning wurdt net allinnich bepaald troch de wennings yn it taksaasjeferslach. Alle foarriedige ferkeapsifers yn Smellingerlân wurden deryn meinaam. Besjoch it taksaasjeferslach WOZ.

Ynlogge boargers

Ynlogge bedriuwen


Beswier

Net iens mei de WOZ-wearde? Wy lizze graach út hoe’t de WOZ-wearde bepaald is. Wolle jo dêrnei dochs noch beswier yntsjinje? Dat kin maklik, digitaal en fergees. Doch it wol binnen seis wiken nei de datum op de oanslach. 

Beswier meitsje


Handich om te witten

  • Allinnich de WOZ-wearde fan jo hûs nedich? Sjoch dan op woz-waardeloket.nl
  • Lês de antwurden op fragen lykas:
    • Wat bart der mei de WOZ-wearde fan wennings yn oanbou?
    • Hoe wurdt de WOZ-wearde fan nijbouwennings bepaald?
    • Hoe giet it as ik beswier meitsje fia No-cure/no-pay?
    • Ik ha myn wenning krekt kocht. Hoe wurdt de WOZ-wearde bepaald?
    • De WOZ-wearde wykt ôf fan middele persintaazjes. Hoe kin dat?
    • Ik heb beswier yntsjinne, wannear krij ik antwurd?Bezwaar