OZB

Hawwe jo in eigen wenning? Hawwe jo of brûke jo in bedriuwsgebou of in stik grûn? Dan betelje jo alle jierren ûnreplikesaakbelesting (OZB) oan de gemeente. Hoefolle jo betelje hinget ûnder oaren ôf fan de wearde fan jo wenning of kantoar. De gemeente bepaalt dy wearde. Dat hjit Waardering onroerende zaken (WOZ). 

Handich om te witten:

  • De gemeente stelt de wearde fan jo wenning, winkel of kantoar fêst neffens de regels fan de Wet waardering onroerende zaken (WOZ).
  • De gemeente giet út fan de wearde fan jo wenning, winkel of kantoar op 1 jannewaris fan it foargeande jier. Dat wurdt de weardepeildatum neamd. 
  • Mei wizigings troch bygelyks ferkeap of ferhuzings yn de rin fan it jier wurdt gjin rekken holden. By ferkeap yn de rin fan it jier wurdt de oanslach foar it eignerspart fan de ûnreplikesaakbelesting (en de rioelheffing) by de notaris ferrekkene mei de nije eigner.