Belestingen betelje

Gemeentlike belestingen en heffingen betelje jo jierliks. De oanslach krije jo ein febrewaris. Jo kinne op ferskillende manieren betelje.

Automatyske ynkasso

Is it totaalbedrach op jo oanslach mear as € 80,-? Dan kinne jo gebrûk meitsje fan automatyske ynkasso. It jild wurdt dan yn 8 terminen oerskreaun fan jo rekken.

Automatyske ynkasso oanfreegje, stopsette of it rekkennûmer wizigje

Sels oermeitsje

Wolle jo gjin automatyske ynkasso? Meitsje it bedrach oer nei bankrekkennûmer NL11BNGH0285022628 mei it oanjaan fan it oanslachnûmer. Soargje derfoar dat de folsleine betelling foar 31 maaie by ús binnen is.