Ping-loket

It Ping-loket stipet by skulden en jildproblemen

It Ping-loket Drachten is ûnderbrocht by Carins. Wy helpe en stypje ynwenners en ûndernimmers by skulden en jildproblemen. Wy ynformearje en advisearje jo by finansjele saken en helpe jo by it sykjen fan oplossingen by betellingsproblemen en/of efterstannen.

Tegearre mei jo meitsje wy in finansjeel plan, sadat jo wer lucht en fertrouwen krije. Wy sjogge dêrby nei de regelingen fan gemeente Smellingerlân en fan de oerheid om jo (tydlik) finansjeel te stypjen.

Jo hoege it net allegear sels út te sykjen. It Ping-loket Drachten helpt jo by it oanfreegjen fan taslaggen, frijskatting, brieven fan de belestingtsjinst en oanfragen fan útkearingen.

It Ping-loket is alle wurkdagen telefoanysk berikber tusken 09.00 en 12.00 oere. Jo kinne belje nei it algemiene nûmer fan Carins: 088 - 50 65 400, of maile fia it e-mailadres: ping@carins.nl. Sjoch foar aktuele ynformaasje op www.carins.nl.

Budgetgids

Yn de spesjale Budgetgids (wat earder de Minimagids wie) fine jo in oersjoch fan alle regelingen en ekstra's dy't de gemeente Smellingerlân en de lanlike oerheid oanbiede foar minsken mei in leech ynkommen. Ek wurde der organisaasjes neamd dêr't jo terjochte kinne foar help.

Wolle jo neist de Budgetgids persoanlike help? Wolle witte wêr't jo rjocht op hawwe? Of hawwe jo help nedich by it oanfreegjen fan regelingen of taslaggen? Nim dan kontakt op mei it Ping-loket Drachten.