Minimaregelingen

Minimaregelingen is in sammelnamme foar regelingen foar minsken mei in leech ynkommen. Tink dêrby oan de bysûndere bystân, yndividuele ynkommenstaslach, yndividuele stúdzjetaslach en AV Frieso Compleet. Jo kinne gebrûk meitsje fan dy regelingen as it ynkommen en fermogen fan jo húshâlding leger binne as de noarmen dy't dêrfoar jilde. In minimaregeling kin in oantal kosten foar jo fergoedzje. Hawwe jo in ynkommen oant 115% fan de bystânsnoarm? Dan kinne jo wierskynlik gebrûk meitsje fan in oantal regelingen. De noarmen en fermogensgrinzen fine jo yn de Budgetgids (pdf). 

Oanfreegje

Bysûndere bystân oanfreegje

AV Frieso Compleet oanfreegje

Yndividuele ynkommenstaslach oanfreegje

Yndividuele stúdzjetaslach oanfreegje

Minimaregelingen

Bysûndere bystân

Meitsje jo ekstra kosten troch bygelyks sykte of om sosjale redenen? Kinne jo dy kosten net sels betelje en nearne oars fergoede krije? Nim kontakt mei ús op. Wy sjogge dêrfoar nei jo persoanlike situaasje. Wy besjogge ek oft jo de kosten foarkomme kinnen hiene, of oft jo der jild foar reservearje kinnen hiene. Leverje jo oanfraach yn foardat jo de kosten meitsje. Ek as jo ynkommen heger is as 115% fan de bystânsnoarm, komme jo miskien yn oanmerking foar (in part) bysûndere bystân.

AV Frieso soarchfersekering

In kollektive soarchfersekering foar minsken mei in leech ynkommen. Mear ynformaasje oer de AV Frieso Compleet

Yndividuele ynkommenstaslach (IKT)

Hienen jo de ôfrûne 36 moannen gemiddeld in ynkommen oant 115% fan de bystânsnoarm? Dan kinne jo 1 kear yn de 12 moannen in yndividuele ynkommenstaslach oanfreegje. Jo meie de taslach oeral foar brûke. Jo wurde net koarte op jo útkearing en de taslach wurdt net sjoen as ynkommen. Hawwe jo in bystânsútkearing? Dan krije jo fan de gemeente automatysk berjocht as jo yn oanmerking komme foar de yndividuele ynkommenstaslach. Krigen jo de ôfrûne 3 jier stúdzjefinansiering, dan komme jo net foar de regeling yn oanmerking.

Yndividuele stúdzjetaslach (IST)

Foar in yndividuele stúdzjetaslach moatte jo oan de neikommende betingsten foldwaan:

  • Jo folgje in oplieding dêr't jo in temjittekomming skoalbern of stúdzjefinansiering foar krije.
  • Jo hawwe in medyske beheining sadat jo neist jo stúdzje net wurkje kinne.
  • Jo hawwe gjin rjocht op in útkearing op grûn fan de Wet arbeidsongeschiktheidsvoorziening jonggehandicapten (Wajong-útkearing).

De hichte fan 'e stúdzjetaslach hinget fan jo leeftiid ôf:

Leeftiid Bedrach
21 jier en âlder € 352,80
20 jier     € 282,23
19 jier     € 211,67
18 jier     € 176,40
17 jier     € 139,35
16 jier     € 121,71
15 jier     € 105,84

Wat fierders belangryk is:

  • As wy net genôch gegevens hawwe om fêststelle te kinnen oft jo neist jo stúdzje net wurkje kinne troch in strukturele beheining, dan kinne wy in medysk advys opfreegje. Dêr wurde jo dan oer ynformearre.
  • Wy sjogge allinnich nei jo eigen situaasje. As jo in partner hawwe, dan sjogge wy net nei it (eventuele) ynkommen fan jo partner.
  • Jo krije stúdzjetaslach salang't jo foldogge oan de betingsten. As jo situaasje feroaret –  jo binne bygelyks ophâlden mei de oplieding of jo binne slagge – dan moatte jo dat sels op 'e tiid trochjaan.
  • In staazjefergoeding oant € 211,67 yn 'e moanne hat gjin ynfloed op jo stúdzjetaslach. Krije jo mear as € 211,67 yn 'e moanne staazjefergoeding, dan ferminderje wy jo stúdzjetaslach mei it bedrach boppe de € 211,67 dat jo yn 'e moanne oan staazjefergoeding krije.

Sportfonds Smallingerland

Sportfonds Smallingerland is der foar alle ynwenners fan gemeente Smellingerlân fan 18 jier ôf dy't sporte wolle, mar dat net sels betelje kinne. It lidmaatskip by in sportferiening wurdt út it Sportfonds wei fergoede. Tsjinje jo oanfraach yn fia sportfondssmallingerland.nl.

Berneregeling

As jo gjin jild hawwe foar swimlessen, skoalreiskes, skoalspullen, kontribúsje foar in sport- of muzykferiening en sportattributen foar jo bern fan 0 oant 18 jier, dan kinne jo dêrfoar miskien in bydrage krije fia de berneregeling. Tsjinje jo oanfraach (yn 't foar) yn fia samenvoorallekinderen.nl.

Help by it ynfoljen fan in formulier

Jo kinne op ferskillende plakken help krije by it ynfoljen fan in formulier.