Stipe mantelsoargers

Soargje jo ûnbetelle foar ien dy't groanysk siik of handicapt is of ferlet hat fan help? Dan binne jo mantelsoarger.

Mantelsoarchpas

As mantelsoarger kinne jo gebrûk meitsje fan de mantelsoarchpas, de MeiJo-pas. Mei dy pas krije jo koarting op ferskate aktiviteiten en tsjinsten dy't MeiJo oanbiedt of organisearret. Ek wurde jo útnûge foar aktiviteiten dy't de gemeente organisearret foar it stypjen fan mantelsoargers. De mantelsoarchpas is fergees.

Mantelsoarchkomplimint

Mantelsoargers binne belangryk. Om mantelsoargers te betankjen biede wy it mantelsoarchkomplimint oan. Dat is in bedrach fan €100 it kalinderjier foar jo as mantelsoarger. Om it komplimint oan te freegjen moatte jo oan de neikommende betingsten foldwaan:

  • Dyjinge foar wa't jo mantelsoarger binne (de mantelsoarchfreger) wennet yn de gemeente Smellingerlân.
  • Jo ferliene 8 oeren of mear yn 'e wike mantelsoarch.
  • Jo ferliene al langer as 3 moanne mantelsoarch.
  • Jo hawwe yn dit kalinderjier noch gjin mantelsoarchkomplimint oanfrege.

Oanfreegje Mantelsoarchkomplimint en Mantelsoarchpas

Tink derom: 

  • De mantelsoarchpas krije jo binnen 2 moanne.
  • It mantelsoarchkomplimint wurdt alle fearnsjierren útkeard yn de moannen jannewaris, april, july en oktober. It kin dus in pear wike duorje foardat jo it bedrach op jo rekken krije.

Help nedich?

Hawwe jo help nedich by it digitaal oanfreegjen fan it mantelsoarchkomplimint of de mantelsoarchpas? Dan kinne jo terjochte by de biblioteek Drachten. Meitsje in ôfspraak foar it Formulieresprekoere by de baly fan de biblioteek of belje mei de biblioteek: 0512 512 680. 

Hawwe jo net de mooglikheid om nei de biblioteek te gean? Of krije jo leaver in oanmeldformulier oer de post? Belje dan nei: 0512 581 234.

Algemien

Hawwe jo stipe nedich by it jaan fan mantelsoarch? Of meitsje jo jo soargen om ien yn jo omjouwing dy't in soad soarget foar in oar? Nim dan kontakt op mei Carins.