Jildsoargen: wês der op tiid by!
Enerzjyleveransiers, drinkwetterbedriuwen, ferhierders en soarchfersekerders binne sûnt 2021 ferplichte om begjinnende betellingsefterstannen by de gemeente te melden. Dat stiet yn de Wet gemeentlike skuldhelpferliening (Wgs). De gemeente kin jo dêrtroch flugger helpe by jildsoargen.
Jo krije in brief fan ús
Yn dy brief steane de mooglikheden foar help by en stipe fan fragen oer jild. Dy help is fergees. De help wurdt jûn troch Team Vroegsignalering. Yn guon situaasjes nimt dat team fuortendaliks kontakt mei jo op.
Team Vroegsignalering
Team Vroegsignalering helpt jo om foar te kommen dat jo fierder yn 'e finansjele problemen komme. Hawwe jo fragen oer de brief of oer in efterstân yn betellingen? Dan kinne jo mei ien fan de meiwurkers kontakt opnimme. De kontaktgegevens steane hjirûnder:
- Janneke Haagsma: 0512 581 234
- Willeke Bijma: 06 500 710 60 (wurkdagen: moandei, tiisdei, tongersdei en freed)
- Gerrit Jongetjes:06 311 026 09 (wurkdagen: moandei o/m tongersdei)
Wolle jo net dat de gemeente ynformaasje krijt oer jo betellingsefterstannen?
Lit dat dan oan jo enerzjyleveransier, drinkwetterbedriuw, ferhierder en/of soarchfersekerder witte. De gemeente brûkt de ynformaasje oer in betellingsefterstân allinnich om jo te helpen. Jo bepale sels oft jo gebrûk meitsje wolle fan ús help.
Gjin brief, wol jildsoargen?
Hawwe jo gjin brief fan ús krigen, mar hawwe jo wol jildsoargen? Nim dan kontakt op mei Carins. Carins helpt en stipet by jildproblemen of jildsoargen. Carins is berikber fia:
- telefoannûmer: 088-5065400 (op wurkdagen tusken 08.30 oere en 17.00 oere)
- besykadres: Moleneind NZ 56 yn Drachten
- webside: Schuld & financiën - Carins