Bystânsútkearing

Hawwe jo tydlik gjin wurk en te min jild om fan te libjen? En hawwe jo gjin rjocht op in oare útkearing, lykas WW? Dan kinne jo in bystânsútkearing oanfreegje fia werk.nl

Utkearing oanfreegje 

Hawwe jo in útkearing en feroaret jo situaasje? Jou dat binnen 7 wurkdagen troch.

Feroaring trochjaan 

Hawwe jo ynkomsten neist jo bystânsútkearing? Dan folje wy jo ynkomsten oan. Jou troch hoefolle ynkomsten jo krije.

Ynkomsten trochjaan

Wolle jo wat beprate? Meitsje dan in ôfspraak mei jo konsulint.

Data fan útbeteljen útkearing 2024

 
Moanne Beteldatum
Jannewaris 3 febrewaris
Febrewaris 3 maart
Maart 3 april
April 3 maaie
Maaie 2 juny
Juny 1 july
July 3 augustus
Augustus 1 septimber
Septimber 3 oktober
Oktober 3 novimber
Novimber 1 desimber
Desimber 29 desimber

Fakânsjejild

It fakânsjejild komt mei de útkearing fan maaie mei en wurdt útbetelle op 3 juny.

Dit moatte jo witte

  • Binne jo jonger as 27 jier, wurkje jo net en folgje jo ek net in oplieding? Dan helpt de gemeente jo om in oplieding te folgjen of wurkûnderfining op te dwaan yn in learbaan.
  • Hawwe jo in leech ynkommen? Dan kinne jo miskien ien fan ús regelingen brûke. Jo fine in soad ynformaasje yn de Budgetgids (pdf).
  • Kinne jo in sportklup, skoalreiske of muzykles foar jo bern net betelje? Dan komme jo miskien yn oanmerking foar 'Sam& voor alle kinderen' (wat earder it Kindpakket wie) (www.samenvoorallekinderen.nl).  
  • As jo te krijen hawwe mei skulden, help nedich hawwe by finansjele fragen of mei it behearen fan jo jild, dan kinne jo it gemeentehûs belje ûnder it Ping-sprekoere. It telefoanysk sprekoere is berikber fan moandei oant en mei freed fan 8.30 oant 12.00 oere op ús algemiene telefoannûmer 0512 581234.
  • Krije jo in útkearing fan de gemeente? Bytiden hoege jo de gemeentlike belestingen dan net te beteljen. Falle jo net ûnder dy groep mar hawwe jo in leech ynkommen? Miskien komme jo yn oanmerking foar frijskatting.
  • Hawwe jo in útkearing, funksjonele beheining of groanyske oandwaning? De Advysried Sosjaal Domein behertiget jo belangen mei advys oan de gemeente.