Informatie voor ondernemers vanwege corona

Regelings foar ûndernimmers fanwegen koroana

Publisearre: 26 maart 2020
Update: 18 mei 2020

De gefolgen fan de koroanakrisis binne enoarm. Ek ûndernimmers yn Smellingerlân wurde swier troffen. It kabinet hat ferskillende lanlike regelings bekend makke dêr’t ûndernimmers gebrûk fan meitsje kinne.

Njonken de lanlike regelings biedt Smellingerlân oanfoljende maatregels. In opsomming dêrfan fine jo ûnder ‘Gemeentlike maatregels’.

Lanlike regelings

Op de webside fan Yn Business (loket foar Fryske ûndernimmers) stiet in oersjoch fan alle maatregels dy’t it Kabinet nommen hat, bygelyks:

  • Ferromming útstel fan betelling en ferleging boetes;
  • Ferromming boarchstelling MKB-kredyt;
  • Ferromming regeling Garânsje Undernimmersfinânsjearing (MKB);
  • Undernimmersadvys lanlik.

Undernimmersadvys oer de maatregels

Hawwe jo fierder ûndernimmersfragen oer it koroanafirus of hawwe jo help nedich by it ynfoljen fan de regelings? Nim kontakt op mei:

Opstarte bedriuw/praktyk yn de oardel-metermaatskippij

Undernimmers dy’t fragen hawwe oer it opstarten fan harren bedriuw/praktyk yn de oardel-metermaatskippij ferwize wy nei it protokol fan de eigen brânsjferiening. De protokollen binne opsteld om de algemiene regels fan it RIVM op te folgjen.

Noardlike regelings

Faaks is it ek in momint om stil te stean by de ûntwikkelings yn jo bedriuw. Op de webside fan " class="external" href="https://www.snn.nl/">SNN (Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân) fine jo alle noardlike regelings en útwreidings fan besteande subsydzjeregelings fanwegen de koroanamaatregels.

Gemeentlike maatregels

Gemeente Smellingerlân biedt njonken de lanlike maatregels ekstra stipe.

•    Utstel belestingen
Undernimmers en zzp'ers kinne freegje om útstel fan betelling gemeentlike belestingen en reklamebelesting oant 1 july 2020. Wolle jo yn oanmerking komme foar útstel fan betelling, dan kinne jo ûndersteand formulier ynfolje.

Utstel fan betelling gemeentlike belestingen oanfreegje

Ferhastige betelje faktueren
De gemeente ferhastiget de betellingstermyn fan 30 dagen nei maksimaal fjirtjin dagen.

Untheffings
Undernimmers yn it sintrum kinne in tydlike ûntheffing ‘sletten gebiet’ krije foar besoarging.

Hoareka en coffeeshops
Alle yt- en drankgelegenheden binne ticht oant en mei 1 juny. Besoargje en ôfheljen bliuwt mooglik. Coffeeshops kinne iepen bliuwe foar bestellingen dy’t ôfhelle wurde.

Soarchoanbieders Wmo en reyntegraasje
Alle soarten fan alternative stipe, bygl. Byldsoarch, Skype ensfh. wurde fergoede tsjin de WMO-tariven dy’t op it stuit jilde. Dat jildt foar alle Wmo-soarchpartners en reyntegraasjebedriuwen. Oer eventuele fierdere needmaatregels folget noch berjocht.

Soarchoanbieders Jongereinwet of Beskerme Wenjen
Sjoch foar aktuele ynformaasje op de side fan Sosjaal Domein Fryslân.

Subsydzjes
Alle strukturele subsydzjes geane troch. It foarskot kin ferhastige wurde. Wy binne soepel by de beoardieling achterôf as in prestaasje net (folslein) helle wurde kin as gefolch fan de koroanakrisis.

Utstelle hier
Undernimmers dy’t in pân fan ús hiere kinne útstel krije foar de betelling fan de hierpinnings oant 1 july 2020.

Tydlike oerbrêgingsregeling selsstannich ûndernimmers (Tozo)
Undernimmers yn Smellingerlân kinne fia Buro Selsstannigen Fryslân (BZF) stipe oanfreegje yn de kosten fan it libbensûnderhâld en/of in liening foar bedriuwskapitaal. Lês foardat jo in oanfraach dogge de betingsten op de webside fan BZF Dêr fine jo ek it oanfraachformulier.

De oanfraach libbensûnderhâld en it foarskot dêrop wurdt folslein troch BZH behannele. Op it stuit leit de behanneltermyn op sa’n fjouwer wiken. It is tige drok by it BZF. Belje allinnich as der wier haast by is.

De oanfraach foar in liening foar bedriuwskapitaal behannelet de gemeente sels. As jo dy oanfreegje by it BZF jouwe sy it troch oan de gemeente Smellingerlân. Us konsulinten selsstannigenregelings nimme dan kontakt mei jo op.

Leezjes eveneminten
Der wurde net op ‘e nij leezjes yn rekken brocht by eveneminten dy’t ferpleatst wurde nei uterlik 2021.

Befoarrieding supermerken
Supermerken meie harren winkels 24 oeren deis befoarriede.

Ferhastiging fergunningsferliening, bou- en ynfrastruktuerwurksumheden
Wy ferhastigje ús fergunningsferliening, geane ûnfermindere troch mei ús gebietsûntwikkelings en litte ús ûnderhâldswurksumheden en ferfangingsynvestearrings (wêr mooglik ferhastige) trochgean as stipe oan de bou en- ynfrasektor.

MKB-voucher no ek foar opliede personiel

MKB-voucher no ek foar opliede personiel

Publisearre: 15 april 2020

Fryske MKB-ûndernimmers kinne de MKB-Voucherregeling no ek brûke foar it om- of by-opliede fan personiel. De regeling is ferromme mei yngong fan 3 april.

Undernimmers krije foar in oplieding oant 50 persint fan de kosten fergoede, oant in maksimum fan € 2500,-. Reden foar gemeente Smellingerlân om mei ROC Friese Poort te sjen nei it oanbod fan opliedings.

Erkende opliedings

Saskia Visser fan ROC Friese Poort fynt yn dizze tiid en training ‘Thúswurkje en digitale striidberens hiel aktueel. En dat jildt ek foar in training ‘Earste help by Team’ of in webinar ‘Kreëarje oarder yn de gaos’. Jo kinne by ROC Friese Poort terjochte foar ferskillende erkende mbû-opliedings, kursussen, brânsjopliedings en trainingen. Fan soarch en wolwêzen oant saaklike tsjinstferliening en fan technyk oant hoareka.

Foar in part digitaal

In part fan de trainingen is ek digitaal: digitale striidberens, ûndernimmend gedrach of in kommunikaasjetraining. Nijsgjirrich nei it hiele oanbod? Besjoch gau de webside fan ROC Friese Poort

.

Mear ynformaasje

Sander de Rouwe, Deputearre Provinsje Fryslân, wol ûndernimmers just no de kâns jaan om te ynvestearjen yn harren meiwurkers. Mear ynformaasje oer de MKB-voucherregeling fine jo op de side fan Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân (SNN)..