Deze website maakt gebruik van cookies. Meer informatie Sluiten

Wike fan Rink

U bevindt zich hier: Home | Nieuws | Nieuws | Juni | Wike fan Rink

Wike fan Rink

Geplaatst: 11-6-2018

Fan 15 oant en mei 23 juny mei oandacht foar de Fryske taal en Rink van der Velde

In wike yn it teken fan libben en wurk fan Rink van der Velde. Gemeente Smallingerland organisearret mei It Frysk Gea, Stifting FLMD, Tresoar en in grutte groep frijwilligers fan 14 oant en mei 23 juny de Wike fan Rink. Om ekstra omtinken te freegjen foar de Fryske taal en om it oantinken oan de Fryske skriuwer libben te hâlden. De wike is in ûnderdiel fan LF2018.

Tongersdei 14 juny is de presintaasje fan de werútjefte fan Beafeart nei Saint-Martin. Op 15 juny is de útrikking fan de Rink van der Veldepriis 2018 oan Willem Schoorstra. Yn de wike dêrnei binne der in tal aktiviteiten organisearre. Hjirûnder in oersjoch.

Tongersdei 14 juny
Werútjefte boek Rink van der Velde. Café Marktzicht, 17.00 oere (ynrin 16.45 oere), tagong fergees.

Freed 15 juny
Utrikking Rink van der Veldepriis 2018 en bekend meitsjen tydlike bewenners Skriuwersarke 2018. De winner kriget de Rink van der Veldepriis 2018. Foarstellen nije bewenners fan de Skriuwersarke en de bewenners fan 2017 dogge ferslach. Allinne op útnûging.

Sneon 16 juny
Boekekream mei Fryske boeken. Spesjaal omtinken foar Rink van der Velde syn wurk en de nominearre boeken fan de Rink van der Veldepriis 2018. Boekhannel Van der Velde, Raadhuisplein Drachten.

Moandei 18 juny
Sutelaksje mei Fryske boeken yn Aldegea. Frijwilligers fan Aldegea  komme mei kroaden fol Fryske boeken by de doarren del. Wa’t in boek keapet kriget der in presintsje op ta. Der kin sawol kontant as ek mei de pin betelle wurde. It begjint om 16.00 oere by it MFC, 16.00 – 20.00 oere.

Tiisdei 19 juny
Fryske literêre jûn mei de 3 nominearre skriuwers fan de Rink van der Veldepriis 2018. Geart Tigchelaar, Nyk de Vries en Willem Schoorstra fertelle oer harren nominearre boek. Willem Verf praat mei de skriuwers oer harren wurk, de betsjutting fan Rink yn harren wurk en de Fryske skriuwerij yn it algemien. Mei muzyk fan Fryske muzikanten. Biblioteek Drachten, 19.30 oere, tagong fergees.

Tongersdei 21 juny
Ferhalejûn, bekend meitsjen winner skriuwwedstryd kroechferhalen en in kwis oer Rink van der Velde. Foardracht fan de moaiste kroechferhalen. Wa wint de wedstryd en giet mei in ludyk kado nei hûs? De kroechbaas organisearret de kwis oer Rink van der Velde. Café Marktzicht, 20.00 oere, tagong fergees.

Freed 22 juny
Iepening 'Thuis', in útstalling fan Anne Woudwijk en presintaasje film 'Beitelje yn 'e siel'. Nei oanlieding fan it libben fan Yndianen en hjoeddeiske ynfloeden op harren maatskippij makke Anne Woudwijk tekeningen en oare keunstwurken foar in útstalling dy’t 3 moanne te besjen is yn de Grutte Tsjerke en de Meniste Tsjerke. Johan ter Elst makke de film 'Beitelje yn 'e siel' oer Anne Woudwijk as persoan en keunstner. Grutte Tsjerke yn Drachten. Iepening foar gasten op útnûging, fan 23 juny ôf is de útstalling fergees te besjen.

Sneon 23 juny
Konsert fan de band Bokwerder Onbelang. Dizze Tom Petty tribute band fersoarget in daverjend ôfskiedskonsert. Wês derby en genietsje fan de muzyk fan dizze Fryske freoneploech. Café Marktzicht, 20.00 oere, tagong fergees.


Dit artikel delen op: mail Twitter Facebook LinkedIn