Utgongspunten Fryske taal

Troch de gemeenteried fêststeld.

De wichtichste útgongspunten oangeande de Fryske taal binne op 6 febrewaris 2007 troch de gemeenteried fêststeld. Se steane yn de feroardering ‘Frysk yn it skriftlik ferkear’. De wichtichste wurde hjirnei neamd, oanfold mei inkele oare aktuele saken.

Offisjele stikken
Offisjele stikken wurde yn prinsipe yn it Nederlânsk útbrocht. Wannear’t it wichtich is in stik yn it Frysk út te bringen, dan moat dêr in apart beslút oer nommen wurde. Dêrneist kin frege wurde om in Fryske oersetting. Op kosten fan de oanfreger kin in oersetting makke wurde.

Korrespondinsje
In Fryske brief wurdt as dat mooglik is yn it Frysk troch de gemeente beantwurde.

Trouwe
Trouwe yn it Frysk kin yn dizze gemeente. Neist de taspraak yn it Frysk krije jo ek in Frysk trouboekje.

Taalkursussen Afûk
De taalkursussen foar ús ynwenners, dy’t troch de Afûk jûn wurde, wurde troch de gemeente subsidiearre.

Plaknammen
De plaknammen yn ús gemeente wurde likegoed yn it Frysk as yn it Nederlânsk oanjûn. Dat jildt ek foar de strjitnammen yn Drachten. De strjitnammen yn de doarpen wurde altyd yn it Frysk oanjûn. Us gemeente wurket ek mei oan in inisjatyf fan de provinsje om alle iepenbiere wetterwegen yn it Frysk oan te jaan.

Lokale omrop
Oan de lokale omrop Smelne FM is frege om in positive en aktive opstelling oangeande de Fryske taal. Wy kinne dy omrop gjin ferplichtings oplizze wat syn programmabelied oangeande de Fryske taal oanbelanget.

Rink van der Velde-priis
Ien kear yn de twa jier wurdt de Rink van der Velde-priis útrikt. De priis is ornearre foar proaza dat skreaun is yn de geast fan Rink van der Velde, literêr en gaadlik foar in breed lêzerspublyk. De priis is in byldsje fan Anne Woudwyk, dy’t him dêrby ynspirearje lit troch ien fan de boeken fan Rink van der Velde, en in jildpriis. 

Frysk yn it ûnderwiis
Troch de gemeente wurde gjin boppewetlike taken oplein oan it basis- en fuortset ûnderwiis. Dat jildt ek foar it pjutte-ûnderwiis.

Subsydzje projekten en eveneminten
Foar projekten op it mêd fan de Fryske taal en kultuer kin by de gemeente subsydzje oanfrege wurde. Dat kin gean om in film oer in bepaalde streek of regio, mar bygelyks ek om in toanielstik, iepenloftspul of oar evenemint.

'Rêchsekje taal foar jonge âlden en wolkomstpakket foar nij-ynkommelingen'
De gemeente Smellingerlân sil meiwurkje oan it idee fan de provinsje Fryslân om âlders by de berte fan in lytse poppe ynformaasje te jaan oer de foardielen fan it opgroeien yn in twa- of meartalige situaasje. Ek de nije ynwenners ûntfange ynformaasje oer de realiteit dat hjir twa talen sprutsen wurde. It ynformaasjemateriaal bestiet út in ‘wolkomstpakket taal’ foar de nije ynwenners (dat sit yn de algemiene wolkomstmap) en in ‘rêchsekje taal’ foar de jonge âlders. It rêchsekje wurdt útdield by de berte-oanjefte.

naar boven naar boven