Stimpas

Op tongersdei 6 juny 2024 is de ferkiezing fan it Europeesk Parlemint.

Wa mei stimme?

Jo meie stimme yn de gemeente Smellingerlân as jo:

  • op 23 april 2024 as ynwenner ynskreaun steane yn de Basisregistraasje Persoanen (BRP) fan de gemeente Smellingerlân;
  • op 6 juny 2024 18 jier of âlder binne;
  • Nederlanner binne of
  • de nasjonaliteit fan in oar EU-lân hawwe en as jo registrearre steane foar it dielnimmen oan dizze ferkiezing.

Stimpas

Meie jo stimme? Dan krije jo op syn lêst tongersdei 23 maaie jo stimpas. Mei jo stimpas kinne jo op tongersdei 6 juny 2024 stimme foar de ferkiezing fan it Europeesk Parlemint. Dat kin yn elk stimlokaal yn de gemeente Smellingerlân. Op de webside Waar is mijn stemlokaal fine jo de stimlokalen yn de gemeente Smellingerlân.

Nim de stimpas en jo identiteitsbewiis mei nei it stimlokaal. Jo identiteitsbewiis mei maksimaal 5 jier ferrûn wêze op de dei fan de ferkiezing.

Ferfangende stimpas oanfreegje

Hawwe jo op freed 24 maaie 2024 noch gjin stimpas ûntfongen? Of binne jo jo stimpas kwyt? Dan kinne jo in ferfangende stimpas oanfreegje. Dat kin op 3 manieren:

Online

Fan freed 24 maaie ôf kinne jo mei jo DigiD in ferfangende stimpas oanfreegje fia dizze side. Dat kin oant en mei moandei 3 juny 2024.

Skriftlik

Fan freed 24 maaie ôf kinne jo in formulier downloade en ynfolje. Jo stjoere it formulier nei de gemeente. Jo fersyk moat op syn lêst moandei 3 juny 2024 troch de gemeente ûntfongen wêze. Wy stjoere jo kiezerspas dêrnei sa gau mooglik oer de post ta.

Yn it gemeentehûs

Fan freed 24 maaie ôf oant woansdei 5 juny 2024, 12.00 oere, kinne jo yn it gemeentehûs in ferfangende stimpas oanfreegje. Jo hoege gjin ôfspraak te meitsjen. Nim jo identiteitsbewiis mei.