Stimme ut it bûtenlân wei

Op 6 juny 2024 fynt de ferkiezing fan it Europeeske Parlemint plak. Binne jo kiesberjochtige en binne jo op 6 juny yn it bûtenlân? Steane jo as ynwenner ynskreaun yn ús gemeente en wolle jo sels jo stim útbringe? Dan kin dat mei in brief. Dat giet fia gemeente Den Haach.

Hoe dogge jo mei?

Jo freegje it briefstimmen oan by gemeente Den Haach. De folsleine oanfraach, ûndertekene en mei in kopy fan jo jildige Nederlânske identiteitsdokumint, moat uterlik 10 maaie 2024 troch gemeente Den Haach ûntfongen wêze.

Wat hawwe jo nedich?

Jo hawwe in jildich, Nederlânsk identiteitsdokumint nedich en in postadres yn it bûtenlân.

Wolle jo mear ynformaasje?

Dan kinne jo belje mei de unit Verkiezingen fan gemeente Den Haach fia telefoannûmer +31 70 353 44 00. Jo kinne ek in mail stjoere nei de unit Verkiezingen fia kbn.verkiezingen@denhaag.nl